Untsnap oan de standert

om dyn digitale sûnens te ferbetterjen

Hjir kinsto dizze hantlieding downloade en ôfdrukke. Fertel oer dyn ûnderfiningen mei Data Detox, bliuw op de hichte of krij ynspiraasje troch te skriuwen nei Safa fia datadetox@tacticaltech.org!

Wannear hasto dysels foar it lêst ‘ûntkeppele’ en ien dei, of sels ien oere, gjin technology oanrekke?

Asto kontinu online bist, bisto net de iennige. Wy tikke, klikke en swipe gemiddeld 2.600 kear op in dei op ús telefoan (boarne). Asto earne safolle tiid oan bestegest wolsto ek dat it de muoite wurdich is. Hoe kinsto derfoar soargje dat de tiid dy’tsto trochbringst mei dyn apparaat ek kwaliteitstiid is?

It begjint mei it ynsjoch dat it net dyn flater is datsto in ûnwjersteanbere driuw hast om mei dyn apparaat dwaande te wêzen! Leauw it of net, mar dyn favorite apps en websites binne sa ûntwurpen dat elke funksje en kleur en elk lûd optimalisearre is om dyn oandacht te lûken, fêst te hâlden en dy werom komme te litten.

Apps en websites binne ek ûntwurpen om dy in kant op te stjoeren dy’t sy winsklik fine. De knoppen lizze de klam op befêstiging en de teksten binne sa skreaun dat se oertsjûgjend oerkomme. Sels de media is hieltyd faker sa ynrjochte dat se dyn oandacht lûke mei sensasjonele koppen en ôfbyldingen.

Wolsto in sûn lykwicht fine tusken dyn online en dyn offline libben? Dan komt dit ûnderdiel fan de Data Detox goed fan pas.

Hjir learsto hoe’tsto wichtige dingen werkenst en hoe’tsto bliid wurde kinst fan technology. Der is gjin goed of fout antwurd op de fraach hoe folle of bytsje do dyn apparaten brûke meist of moatst. Begjin op in manier dy’t noflik is foar dy en sjoch mar hoe fier asto komst.

Oan de slach!


1. Mei beide skonken op de grûn stean bliuwe

Dizze tip is swierder as it klinkt. Derby bliuwe fereasket deistige oefening. It is as in spier yn dyn harsens dy’tsto regelmjittich traine moatst om krêft op te bouwen. Earst moatsto ynsjoch krije yn it soarte fan relaasje datsto hast mei de technology dy’tsto brûkst.

Hoefolle tiid bringsto troch op dyn telefoan?

As it antwurd dy net oanstiet binne er ynstellingen en strategyen dy’tsto ynsette kinst om mear kontrôle te krijen oer dyn telefoangebrûk.

Asto minder tiid op Facebook, Instagram of Twitter trochbringe wolst, wizigje dan de ynstellingen en machtigingen fan dy apps, sadat se better foar dy wurkje. Guon apps, lykas Instagram, biede sels in opsje wêrby de app dy der freonlik in omtinken jout datsto dyn deistige limyt berikke hast.

Instagram:

  • Profiel →
  • logo menu →
  • Instellingen
  • Account
  • Je activiteit
  • Dagelijkse herinnering instellen

Asto fynst datsto petearen yn it echte libben fersteurd wurde troch de blypkes, pypkes en ljochtsjes fan dyn telefoan, kinsto him tydlik op stil sette, mei it skerm nei ûnder fuort lizze of him yn dyn bûse of tas stoppe, sadat hy bûten byld is.

Der binne ek apps dy’t mjitte kinne hoefolle do de telefoan brûke. Op Android & iPhone kinsto no dyn gewoanten tsjekke mei Digitaal Welzijn van Google en de iOS-update.

Dizze tsjinsten litte dy witten hoe faak asto dyn telefoan tsjekst en se hawwe ynstellingen wêrmei’tsto dyn gebrûk ûnder kontrôle hâlde kinst.

Foar mear tips giesto nei Derby bliuwe (sels mei dyn telefoan).


2. Sykje de ûntwerptrúks

Mei persuasive design (letterlik: oertsjûgjend ûntwerp) wurdt dyn beslissingsproses beynfloede. De ûntwerpen binne basearre op de minsklike psychology en probearje dy te ferlieden om wat te ûndertekenjen of te keapjen of mear persoanlike ynformaasje te jaan dan watsto fan plan wiest.

Faak foarkommende ûntwerptriuwkes en oanspoaringen binne bygelyks spesifike kleuren, opfallende knoppen, ûndúdlike teksten of ynkomplete ynformaasje. Somtiden binne dizze trúkjes oerdúdlik, mar se binne ek faak swier te werkennen. Do seachst se miskien wolris asto dy earne registrearre of online winkele.

De reden datsto dy ûntwerptrúks oeral sjochst is dat se wurkje – wy klikke, abonnearje, keapje faker en bliuwe weromkomme. Asto witst dat dizze subtile triuwkes en manipulaasjes yn websites ynboud binne kinsto der ek tûker mei omgean.

Hjir binne wat dingen dy’tsto dwaan kinst om tûker te wurden dan dyn apps.

Werken it triuwke: Stap ien is datsto dy bewust bist fan dizze techniken. Mear ynformaasje oer de ferskate soarten fan ûntwerptriuwkes fynsto hjir. En folgje de Twitter-feed of de hashtag om op de hichte te bliuwen fan de meast aktuele persuasive designs.

Skermôfdruk diele: Meitsje in skermôfbylding asto online persuasive designs tsjinkomst en diel se mei dyn freonen (ferjit net earst dyn persoanlike gegevens fuort te smiten of te blurren - privacy foar alles!). Do kinst ek oan bedriuwen freegje oft se harren manier fan wurkjen bystelle wolle.

Bliuw kalm: As der op in ferkeapside in ôftelklok stiet, freegje dy dan ôf, "Haw ik dit produkt wier driuwend nedich?" Asto merkst datsto op in knop klikst wylsto dat eins net wolst, besjoch dan wat der op de knoppen stiet of hokker kleuren der brûkt wurde. Asto yn de war rekkest, tink dan net automatysk dat it oan dy leit – sjoch mei in krityske blik nei de wurden dy’t de website of app brûkt, want miskien binne dy wol ûndúdlik.

Om foarbylden te sjen fan persuasive design, trúkjes en triuwkes en hoe’tsto se werkenst, gean dan nei It ynternet hat it dien: sjoch ljocht yn it ûntwerptsjuster.


3. Media, nijs en ferstân

Do kinst no de funksjes en ûntwerpen dy’t bedoeld binne om dy kontinu scrolle en klikke te litten te slim ôf wêze. Itselde jildt foar misliedende nijsberjochten: brûk dyn ferstân en do trapest der net yn.

It kin net oars oftsto hast wolris heard fan ‘desynformaasje’, ‘fake nijs’ en ‘nepnijs’. Do kinst desynformaasje leare te filterjen asto der in gewoante fan makkest om krityske fragen te stellen by it nijs datsto sjochst en lêst, foaral as it der net gewoan, bizar of fierstente te aardich útsjocht.

Eins wolsto fêststelle kinne of nijs echt is of nep – foaral asto it nijs diele wolst mei famylje en freonen.

  • Wer komt dizze website wei?
  • Wa hat dit artikel skreaun (en wannear)?
  • Wat stiet der eins yn it artikel asto fierder sjochst dan de kop?
  • Nei hokker boarnen wurdt ferwezen?

Asto tinkst dat it net krekte ynformaasje is en do wolst foarkomme dat it fierder ferspraat wurdt, hawwe de measte platfoarms in knop om it berjocht te rapportearjen. Do kinst dy ek ôffreegje oftsto de account dy’t it publisearre hat bliuwe folgje wolst.

Foar mear ynformaasje oer it ûntdekken fan nepnijs giesto nei Sjoch ljocht yn it ûntwerptsjuster: ûntdek de wierheid op it ynternet.


4. Lit dysels hearre

Do kinst ferskate dingen dwaan asto net bliid bist mei de ferslaavjende ûntwerpen of persuasive designs of desynformaasje op websites dy’tsto besikest of yn apps dy’tsto brûkst: do kinst e-mailberjochten stjoere, Tweets skriuwe en bedriuwen witte litte datsto it net iens bist mei harren praktiken. As bedriuwen troch harren meast weardefolle besit – harren brûkers – ûnder druk setten wurde om aksje te ûndernimmen, is der in kâns dat se feroarje gean.

En asto it gefoel hast dat it kommentaar net serieus nommen wurdt, kinsto in krêftich statement meitsje: in oare website of app brûken gean. Asto kommunisearre hast datsto net bliid bist mei wat in website of app docht en do stoppest mei it besykjen fan dy website of do smytst dy app fuort – en as der mar genôch minsken binne dy’t dat ek dogge – dan moatte se wol wat dwaan mei dat kommentaar.

Om foarbylden te sjen fan persuasive design, trúkjes en triuwkes en hoe’tsto se werkenst, giesto nei It ynternet hat it dien: sjoch ljocht yn it ûntwerptsjuster.


5. Fertel it fierder!

Trochjaan! Dizze tip ferjitsto maklik, mar trochjaan fan kennis kin in protte effekt hawwe. Fertel dyn freonen, famylje en kollega’s oer de dingen dy’t dy opfallen binne en freegje oft se mei dy meidwaan wolle oan dizze detox!

Elkenien wrakselet mei ferfelende telefoangewoanten. It wichtichste is datsto in manier fynst dy’t goed fielt en past by dyn libbensstyl. Eksperimintearje mei de ferskate mooglikheden oant datsto wat fynst wat by dy past. Der is net ien bepaalde oplossing dy’t foar elkenien wurket.

En ta beslút: besprek dyn technologykarren mei de minsken om dy hinne. Asto bygelyks elke dei fan acht oere jûns ôf net mear berikber bist fia Messenger, omdat dyn skermfrije tiid dan begjint, fertel dan dat se dy fan dat momint ôf allinnich noch belle kinne.

Bliuw deroer praten, stel fragen, libje in lykwichtich online libben dat by dy past.

As dizze stappen wurkje foar dy en do dy better fielst, gean der dan foar: Snoadfoans freegje om tûke gewoanten?

Lêst bywurke op: 10/8/2024