Hâld kontrôle oer dyn snoadfoangegevens

om dyn online privacy te fergrutsjen

Hjir kinsto dizze hantlieding downloade en ôfdrukke. Fertel oer dyn ûnderfiningen mei Data Detox, bliuw op de hichte of krij ynspiraasje troch te skriuwen nei Safa fia datadetox@tacticaltech.org!

Asto neitinkst oer wat dyn gegevens priis jouwe oer dy, liket dat op it earste gesicht net wichtich: wat boeit it in oar datsto grut fan bist fan Nederlânske hits, datsto mear skuon keapest ast nedich hast of datsto dyn fakânsje in jier yn it foarn boekst?

It probleem is wat der mei dy gegevens bart. As se yn de rin fan de tiid gearfoege wurde, ûntstean der persoanlike digitale patroanen: dyn gewoanten, lokaasjes, relaasjes, foarkarren, oertsjûgingen en geheimen wurde oant yn detail bleatlein oan dyjinge dy’t de gegevens sammelje en deroan fertsjinje, lykas bedriuwen en datahannelers.

Mei it folgjen fan dizze ôfkickkursus wurdsto derfan bewust hoe en wêrom dit allegearre bart en learsto praktyske stappen te setten om de dataspoaren dy’tsto op it ynternet efterlitst te behearskjen.

Oan de slach!


1. Wizigje de namme fan dyn telefoan

It kin wêze datsto yn it ferline dyn telefoan in namme jun hast foar wifi, bluetooth of beide – of dat der automatysk in namme oanmakke is wylst de ynstallaasje.

Dat betsjut dat ‘telefoan fan Djoeke de Vries’ sichtber is foar de eigener fan it wifi-netwurk en, asto bluetooth ynskeakele hast, foar elkenien yn de buert dy’t harren bluetooth ek oan te stean hat.

Asto in kafee, gym of winkel ynrinst, fertelsto net oan elkenien hoe’tsto hjitst en dat soe dyn telefoan ek net dwaan moatte.

Do kinst de namme fan dyn telefoan wizigje nei wat wat minder identifisearjend is, mar noch hieltyd unyk foar dy. Sa dochsto dat:

Android:

  • Wifi-namme wizigje:
  • Instellingen
  • Wifi
  • logo menu →
  • Geavanceerd / Meer eigenschappen
  • Wi-Fi Direct
  • Apparaatnaam veranderen
  • Bluetooth-naam veranderen:
  • Instellingen
  • Bluetooth
  • Set Bluetooth oan as dy útstiet →
  • logo menu →
  • Apparaatnaam veranderen
  • Set Bluetooth út

 

iPhone:

  • Telefoannamme wizigje:
  • Instellingen
  • Algemeen
  • Info
  • Wizigje de namme

Ynspiraasje nedich? Miskien de namme fan dyn favorite tv-persoanlikheid of in sintsje lykas ‘Sesam open u’?

Wolsto mear tips oer hoe’tsto dyn telefoan better ôfskermest? Lear hoe’tsto ‘m in nije start joust!


2. Wiskje dyn lokaasjespoaren

De lokaasjegegevens lykje miskien samar wat stikjes ynformaasje, mar al dy stikjes tegearre ûntbleatsje wichtige gegevens oer dy en dyn gewoanten, lykas dyn wenplak, wêr’tsto wurkest en wêr’tsto nei ta giest mei dyn freonen. Dêrom binne dy gegevens bot ynteressant by in protte bedriuwen en datahannelers.

It is dan miskien wol normaal dat de kaarten-app tagong hat ta wêr’tsto bist, mar it sil dy ferwûnderje hoefolle oare apps dyn tastimming jûn hawwe foar tagong ta dyn lokaasje.

Do kinst per app de ynstellingen beheare en de lokaasjefoarsjenningen útskeakelje. Besjoch hokker apps de lokaasjefoarsjenning eins net nedich hawwe om goed wurkje te kinnen (moat in game echt witte wêr’tsto bist?) en foar hokker apps do de lokaasjefoarsjenning leaver útskeakelest:

Android:

  • Instellingen
  • Apps
  • Locatietoegang per app beheren

 

iPhone:

  • Instellingen
  • Privacy
  • Locatievoorzieningen
  • Locatietoegang per app beheren

Of set de lokaasje-ynformaasje foar dyn hiele telefoan út asto him net aktyf brûkst. Dertroch giet dyn batterij ek langer mei – bonus! Do kinst de lokaasje-ynformaasje wer oansette asto, bygelyks, de gps of waar-app brûkst.

Gifje mei útskeakele lokaasjetsjinsten

Android:

  • Instellingen
  • Beveiliging & locatie / Locatie
  • Set lokaasje út

 

iPhone:

  • Instellingen
  • Privacy
  • Locatievoorzieningen
  • Set se út

Foar tips oer hoe’tsto de lokaasjetsjinsten fan Google Maps en oare Google-accounts útskeakelest, giest nei Dyn libben ûnt-Googelje.


3. Apps opromje

De apps dy’tsto brûkst foar sosjale media, games en it waarberjocht hawwe ynteresse yn dyn gegevens… en de kâns is grut dat se in protte fan dy gegevens sammelje.

De apps dy’tsto nea brûkst kinsto better fan dyn telefoan fuortsmite, want it is in perfekte manier om dyn digitale ik te detoxen.

Boppedat krigesto mei sa’n himmelaksje wer mear romte op dyn telefoan, do ferbrûkst minder data en dyn batterij giet langer mei. It is sels mooglik dat, ôfhinklik fan de app, alles wer better wurket.

Android:

  • Instellingen
  • Apps
  • Selektearje de app dy’tsto fuortsmite wolst →
  • Verwijderen

 

iPhone:

  • Hâld it app-piktogram yndrukt oant der in menu ferskynt
  • Selektearje de opsje App verwijderen.
  • Befêstigje fuortsmiten fan de app.

Asto betelle hast foar in tsjinst, soargje der dan foar datsto eventuele takomstige betellingen annulearje (sadatsto gjin ûnferwachte rekkeningen krigest). De stappen om dat te regeljen binne foar elke tsjinst oars, dus sjoch op harren FAQ-side of nim kontakt op mei de klanteservice, sadat se dy helpe kinne.

In app-opromming kin in bjusterbaarlik ferskil meitsje yn de hoemannichte gegevens dy’tsto frijjoust. En dat is fan ynfloed op de hoemannichte gegevens dy’t bedriuwen sammelje en brûke kinne om mear oer dy te witten te kommen. Der is foar in protte apps in alternatyf dat krekt sa goed wurket, mar dan sûnder dyn gegevens te sammeljen of oan oaren te ferkeapjen.

Do kinst oanrekommandaasjes fine yn it Alternative app-sintrum

As it dy te fier giet om alle tools dy’tsto brûkst te ferfangen, begjin dan mei ien of twa tools. Sjoch om te begjinnen ris nei dyn browser: kinsto dy ferfange troch (op Android de Fryske) Firefox, DuckDuckGo of in oare tsjinst dy’t mear privacy biedt?

Wolsto mear tips oer hoe’tsto dyn apps opskjinnest? Probearje dan in grutte app-himmeljen!


4. Wiskje spoaren

De browser op dyn telefoan bewarret in protte ynformaasje oer dy – wêr’tsto bist, watsto sikest, hokker websites do brûkst – en kin dy ynformaasje fuortjaan.

Do kinst de kontrôle oer in part fan dy ynformaasje weromkrije asto in oantal wizigingen trochfierst.

Telefoans, tablets en kompjûters hawwe faaks in yn it foar ynstallearre browser dy’t minder privacyfreonlik is. Yn stee derfan kinsto in browser downloade en brûke dy’t standert mear privacy biedt en dy’t dy beskermet tsjin trackers.

En om dyn privacy noch better te beskermjen kinsto add-ons en útwreidingen ynstallearje (dat binne maklik te ynstallearjen mini-programmaatsjes foar dyn browser dy’t dyn online aktiviteit noch better ôfskerme).

Om gluorjende advertinsjes en ûnsichtbere trackers te blokkearjen, ynstallearresto uBlock Origin (foar Firefox, Chrome en Safari) of Privacy Badger (foar Firefox, Chrome en Opera).

Om dyn ferbining mei websites sa goed mooglik te befeiligjen, ynstallearresto HTTPS Everywhere: in browser-add-on dy’t derfoar soarget dat de kommunikaasje tusken dyn browser en in protte wichtige websites fersifere en beskerme wurdt. Asto dit in nuttige funksje fynst en Safari brûkst, kies dan as standert sykmasine ien dy’t net fan Google is, lykas DuckDuckGo, dy’t dy automatysk omlaat nei in fersifere ferbining.

Firefox biedt in protte ferskate manieren om dyn browser fierder te fersterkjen. Sjoch foar de protte mooglikheden op addons.mozilla.org.

Sikesto noch mear manieren om dyn browser te fersterkjen? Dûk yn de wiidweidige browserboosterwrâld!


5. Unt-tag dysels en oaren

Hasto holpen by it opbouwen fan de gegevensberch fan dyn freonen trochdatsto se wolris tagd hast yn foto’s en berjochten?

Do kinst harren gegevensberch ôfgrave (en dyn gewisse susse) troch dy tags fuort te smiten yn safolle mooglik foto’s en berjochten.

Jou it troch! Beluts dyn freonen, famylje en kollega’s ek by it behearskjen fan dy los sleine data. As wy allegearre gearwurkje om ús dataspoaren ûnder kontrôle te hâlden, kinne wy inoar better helpe by it detoxen.

As dizze stappen foar dy wurkje en do dy better fielst no’tsto dy gegevenslast fan dy ôfskodde hast, gean der dan foar: Dyn libben ûnt-Googelje of Dyn sosjale mediaprofyl renovearje. En asto gewoan dyn telefoan wat minder faak brûke wolst, sjoch dan ris by Snoadfoans freegje om tûke gewoanten.

Lêst bywurke op: 10/8/2024