Wizigje dyn ynstellingen
om dyn gegevens te befeiligjen
Hjir kinsto dizze hantlieding downloade en ôfdrukke. Fertel oer dyn ûnderfiningen mei Data Detox, bliuw op de hichte of krij ynspiraasje troch te skriuwen nei Safa fia datadetox@tacticaltech.org!
As wy op it ynternet allinnich mar foto’s fan ús hûn yn rindierpak diele soene, soene wy hast gjin wachtwurden nedich hawwe.
Mar it ynternet is it plak wêr’tsto dyn banksaken, belestingen en werhelresepten regelest en noch folle mear.
Asto oan al dy "firtuele kostberheden" tinkst dy’tsto op it ynternet dielst – en op dyn apparaten bewarrest – wêrom soesto se dan net krekt sa feilich opbergje as dyn portemonnee of kaaien?
Do kinst hiel ienfâldich foarkomme dat oaren tagong krije ta dyn firtuele kostberheden: soargje dat se dyn wachtwurden net maklik riede kinne. Meastentiids hoecht ien net spesjalisearre technyske feardichheden te hawwen om yn dyn account te kommen – as se goed riede kinne, of in automatisearre programma brûke, binne se sa binnen.
En as se tagong hawwe ta ien account, kinne se itselde wachtwurd probearje foar dyn oare accounts; se kinne ynformaasje sammelje oer dy en dyn gewoanten, dyn accounts oernimme en sels dyn digitale identiteit brûke.
Mei it folgjen fan dizze Data Detox learsto hoe’tsto dyn online befeiliging ferbetterje kinst.
Oan de slach!
1. Beskoattelje dyn digitale doar
Skermbeskoattelingen: it wachtwurd, de fingerôfdruk of gesichtswerkenning dy’tsto brûkst om tagong te krijen ta dyn apparaat binne prima ferdigeningswurken om foar te kommen dat in oar tagong krijt ta dyn apparaat. Mar der binne in protte ferskate soarten beskoattelingen beskikber en it kin swier wêze om te bepalen hokker it beste wurket foar dy.
Elke foarm fan beskoatteling op dyn telefoan, tablet of kompjûter jout mear beskerming as hielendal gjin beskoatteling. En krekt as de ferskate soarten slotten dy’t der foar doaren binne, binne guon skermbeskoattelingen sterker as oare.
Fan alle beskoattelingen dy’t der bestean binne de lange, unike wachtwurden it sterkst. Dus asto dyn apparaat mei in wachtwurd ûntskoattelest, moat dat wachtwurd bestean út letters, sifers en spesjale tekens.
Asto no dyn telefoan iepenest troch te feien, kinsto de befeiliging ferbetterje mei it ynstellen fan in lang wachtwurd. Brûksto no in bewegingspatroan? Dan soesto dat patroan langer meitsje kinne. Brûksto 1234 as pinkoade? Smyt ris san kear mei in dobbelstien en meitsje fan dy sifers in pinkoade.
Mei in lytse wiziging kinsto gruttere kontrôle krije oer de befeiliging fan dyn apparaten.
Gean foar mear ynformaasje oer it meitsjen fan in sterke skermbeskoatteling nei Ferbetterje dyn skermbeskoatteling.
2. In iepen doar foar de krekte persoan
Supertûke wachtwurden meitsje is maklik. Do hoechst allinnich mar wat basisprinsipen te folgjen.
Kenmerken fan in sterk wachtwurd:
- Lang: wachtwurden moatte út minimaal 8 tekens bestean. Wolsto it noch better dwaan? 16 à 20 tekens.
- Unyk: elk wachtwurd foar elke site moat oars wêze.
- Eigenwillich: dyn wachtwurd moat gjin logysk patroan folgje of maklik te rieden wêze. Wachtwurdbehearders kinne dy hjirby helpe.
De sterkste wachtwurden bestean út in kombinaasje fan letters, sifers en spesjale tekens. Dit iuwenâlde advys is noch hieltyd fan tapassing as it giet om it meitsjen fan in sterk, swier te rieden wachtwurd. Spitigernôch kinsto yn guon wachtwurdsystemen gjin gebrûk meitsje fan spesjale tekens (lykas @#$%-=+), mar in lange kombinaasje fan letters en sifers is noch altyd better as in koarte.
It is it beste asto in spesjale wachtwurdbehearder brûkst om al dyn wachtwurden te meitsjen en bewarjen. 1Password, LastPass en KeePassXC binne wachtwurdbehearders dy’t faak oanrekommandearre wurde troch befeiligingseksperts. It binne apps dy’tsto brûkst om oanmeldgegevens en oare gefoelige ynformaasje te beskermjen.
Foar mear ynformaasje oer it meitsjen fan sterke wachtwurden en in stap foar stap útlis oer it gebrûk fan in wachtwurdbehearder giesto nei In iepen doar foar de krekte persoan: meitsje wachtwurden sterker.
3. Meitsje in twadde kaai
Asto twastaps- of mearfâldige ferifikaasje ynstelst en ien dyn wachtwurd ûntdekt hat dy persoan wierskynlik net de ekstra ynformaasje dy’t nedich is om binnen te kommen.
Sjoch ris nei de befeiligingsynstellingen fan de sites en apps dy’tsto it meast brûkst om te sjen oftsto sa’n ekstra stap ynstelle kinst. Begjin mei de wichtichste – bank-apps, of tsjinsten, lykas e-mail dy’tsto brukst as reservekopy wannear’tsto gjin tagong krigest ta dyn oare accounts.
Google:
- Meld dy oan op myaccount.google.com →
- Beveiliging →
- 2-stapsverificatie →
- Aan de slag
Facebook:
- menu →
- Ynstellingen →
- Befeiliging en oanmelding →
- Twastapsferifikaasje brûke
Tip: asto in twadde ferifikaasjestap ynstelle wolst, moatsto in manier kieze om te befêstigjen datsto it bist. Kies leaver net foar sms as twadde stap, want der hasto neat oan asto dyn telefoan ferlern bist. E-mail is in bettere opsje.
Foar mear ynformaasje oer it befeiligjen fan dyn accounts, giesto nei Beskoattelje dyn digitale doar: soargje foar dyn accountbefeiliging.
4. Beskermje dyn firtuele kostberheden
Do joust de weardefolle spullen yn dyn hûs in feilich plak en do soest itselde dwaan moatte mei de ynformaasje dy’tsto firtueel bewarrest – Oft it no om dyn finansjele gegevens, scans fan dyn paspoart of sels dyn adres of telefoannûmer giet; it is gjin oerstallige lúkse om nei te tinken oer wêr en hóe’tsto dizze weardefolle persoanlike gegevens bewarrest en beskermest.
Efkes fluch oppoetse is prima asto wylst de kofje fluch wat ferbetteringen trochfiere wolst. Sykje nei spesifike ynformaasje yn dyn e-mail of oare accounts en smyt dy fuort: scans fan dyn ID, bankgegevens of ynformaasje oer dyn soarchfersekeringen, om mar wat te neamen. As it wat is watsto letter wer nedich hast kinsto it altyd downloade of ôfdrukke eardatsto it út dyn e-mailaccount fuortsmytst.
In grutte himmelaksje giet djipper en dy soesto ien kear yn it jier dwaan moatte. Argivearje alle gegevens yn dyn e-mail- of sosjale-media-account, download dy gegevens op dyn kompjûter en smyt alle ynhâld út de accounts fuort om wer mei in skjinne lei te begjinnen.
Tip: Asto it echt goed dwaan wolst, moatsto net allinnich alles fuortsmite, mar ek dyn jiskefet en tydlike bestannen leechmeitsje!
Do kinst sels bepale watsto it leafste dochst: in reservekopy fan dyn argiven en dokuminten yn de cloud bewarje, of se op in eksterne hurde skiif of USB-stick bewarje. Hoe’tsto de ynformaasje ek bewarrest, soargje derfoar datsto it net kwytrekkest, datsto in sterk wachtwurd brûkst en dat de metoade by dy past.
Foar mear ynformaasje oer it befeiligjen fan dyn online gegevens giesto nei Firtuele kostberheden: beskermje watsto online bewarrest.
5. Trochjaan
Do soest it hast ferjitte, mar der is in reden dat wy it ynternet it "web" neame. Wy binne online allegearre mei inoar ferbûn troch middel fan ferskate netwurken, net allinnich as "freonen" op sosjale media, mar ek fia de kontakten yn ús e-mailaccount en de foto’s dy’t wy online diele.
Asto dyn accounts befeiligest, dyn wachtwurden sterker makkest en dyn gegevens oprommest, bisto net de iennichste dy’t der baat by hat – elkenien mei wa’tsto kontakt hast, wurdt sa in bytsje feiliger troch dyn ynspanningen.
Asto dyn e-mail- en sosjale-media-accounts oprommest, betink dan watsto noch mear downloade en fuortsmite kinst om dyn freonen en kollega’s te helpen: de bankgegevens fan je sus, de tagongskoade fan it kantoar, de scan fan it paspoart fan dyn soan binne foarbylden fan gegevens dy’t beslist net yn ferkearde hannen falle meie.
Jou it troch! Mei in pear ienfaldige stappen kinsto dyn digitale befeiliging ferbetterje. Diel dizze Data Detox mei dyn freonen, famylje en kollega’s, sadat sy ek harren gewoanten feroarje kinne op in manier dy’t by harren past.
As dizze stappen wurkje foar dy en do dy better fielst, gean der dan foar: Behannelje dyn nije telefoan mei omtinken.